Hûs foar de Gastfrijens

De ôfrûne perioade is der troch de provinsje Fryslân is folop ynvestearre yn de Fryske gastfrijenssektor yn it ramt fan it útfieringsprogramma Gastvrij Fryslân 2028. Dêr binne sân ûntwikkelopjeften yn definiearre, dêr’t út de triple-helix wei, yn de foarm fan in skipperstafel, útfiering oan jûn is.

Yn it nije útfieringsplan Gastfrij Fryslân 2024-2027 binne de folgjende ambysjes beskreaun:

  1. Rekreaasje & toerisme soargje foar in noflike en sûne wurk- en leefomjouwing, foar elke ynkommensgroep;
  2. De kânsen en belangen fan rekreaasje & toerisme wurde meiwoegen en boarge by romtlike ûntwikkelings;
  3. Fia gearwurking mei in breed en sterk (triple helix) netwurk drage wy by oan in fitale en duorsume gastfrijenssektor, dy’t soarget foar takomstbestindige banen yn Fryslân.

Dêrneist wol de provinsje de kommende beliedsperioade ynsette op:

  • It stypjen fan in twatal grutte eveneminten, nammentlik in Duorsum Toerisme Kongres (datum ntb) en de Tallship Races yn 2026.
  • It opstellen fan in ‘gebrûksfisy Lânrekreaasje’ as oanfolling op de ‘gebrûksfisy wetterrekreaasje’ (foarjier ’23).
  • Dielname aan de ferfolchoanpak Fakânsjeparken en it stypjen fan gemeenten by it op oarder bringen fan de BAG (Basisregistraasje Adressen en Gebouwen )-registraasje.
  • Stipe en ûndersykjen fan strukturele boarging fan it RIF (Regionaal Ynvestearringsfûns)-projekt Gastfrij Fryslân fia de opjefte Takomstbestindige banen.

Provinsje Fryslân wol – ek ynjûn troch de útfierde beliedsevaluaasje fan Gastfrij Fryslân 2020 -2028 en it provinsjale Bestjoersakkoart Oparbeidzjen – wurk meitsje fan in slachfeardiger oanstjoering fan – en gearwurking tusken – de (subsidiearre) organisaasjes dy’t de gastfrijenssektor fasilitearje. De organisaasjes dêr’t it oer giet binne; Innovatiepact Fryslân (IPF), mei de ûnderdielen YnBusiness en Toerisme Alliantie Fryslân (TAF), Merk Fryslân, Marrekrite en it minder sektorbûne Planbureau Fryslân (PF). Mei as ynstek dat elkenien partisipearret út eigen taak en ferantwurdlikens wei.

Begjin 2024 binne dy fjouwer organisaasjes úteinset mei oriïntearjende petearen foar it ûntwikkeljen fan in ‘Hûs foar de gastfrijens’ dat útfiering jout oan de provinsjale ambysjes fan it útfieringsplan Gastfrij Fryslân 2024 -2027, as ûnderdiel fan de Ekonomyske Aksje-aginda.

Dit inisjatyf is in gearwurking tusken Innovatiepact FrieslandMerk FryslânRecreatieschap MarrekritePlanbureau Fryslân