As wy Fryslân écht op de kaart sette wolle as duorsume en sirkulêre topbestimming, dan dogge wy dat tegearre. Mei lef, mei fisy en mei konkrete stappen. Op moandei 29 septimber fynt der in ynspirearjende middei plak yn de Kanselarij yn Ljouwert foar alle ûndernimmers en partners binnen de Fryske gastfrijheidssektor.
Tidens dizze sesje makkest kennis mei de workshopsearjes dy’t dit neijier fan start geane. It programma is ûntwikkele foar ûndernimmers, yn gearwurking mei partners dy’t duorsumens, ynnovaasje en ferbining sintraal stelle: Toerisme Alliânsje Fryslân, MerkFryslân, Firda, Gastfrij Fryslân, Interregprojekt Waadfyzje en de Rabobank.
Komt 29 septimber net út mar bist wol nijsgjirrich nei de workshopsearjes dy’t dit neijier folgje? Skriuw dy dan yn op de ûndersteande list sadat wy dy op ’e hichte hâlde kinne.
Wêrom meidwaan?
De wrâld feroaret. Toeristen én ynwenners ferwachtsje hieltyd faker dat bedriuwen bewust omgeane mei enerzjy, iten, ôffal en natuer. Krekt yn Fryslân, dêr’t romte, lânskip en erfguod ús ûnderskiedend meitsje, leit in unike kâns om koprinner te wêzen. Mar hoe oersetst dat nei de praktyk fan dyn ûndernimming? Wy litte it dy sjen.
Wat kinst ferwachtsje?
- In kompakt plenêr programma mei ynspirearjende foarbylden
- Kennismaking mei it oanbod fan workshops neijier 2025
- Taljochting oer nije subsydzjes, programma’s en sertifisearringen
- Ynspiraasjemerk mei duorsume inisjativen en tools
- Romte om te netwurkjen mei kollega-ûndernimmers en eksperts
Foar wa?
Foar alle ûndernimmers yn de Fryske gastfrijheidssektor: fan horeca oant rekreaasje, fan camping oant kultuerplak. Ek beliedsmakkers, projektpartners en ûnderwiis binne wolkom. Want allinne tegearre kinne wy derfoar soargje dat duorsum ûndernimmen de nije standert wurdt yn Fryslân.