Der is koartlyn in Regio TAF oprjochte foar de regio De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. De groep bestiet út likernôch 25 leden út ferskate dissiplines, lykas oerheid, ûnderwiis en ûndernimmers út de regio.

De Regio TAF is fan tafoege wearde, omdat it elkoar witte te finen ferromjend wurkje kin en mei elkoar  in stim hawwe fersterkjend wurkje kin foar ûndernimmers, oerheid en ûnderwiis. Dêrneist soarget de alliânsje derfoar dat regionale ûndernimmers, ûnderwiis en oerheden noch steviger mei elkoar ferbûn wurde.

It projekt moat as doartrajekt sjoen wurde en as wichtige motor ynset wurde as fersterking fan it toeristysk produkt, mar ek as ‘bûtenboardmotor’ foar in mienskiplik útfieringsprogram.

It doel is om mienskiplike tema’s op te pakken en de goede petearen oan te gean mei elkoar.

As jo mear witte wolle oer de Regio TAF, nim dan kontakt op mei Marjan Soepboer (06-21625681.