It goed en kollektyf funksjonearjen fan de sektoaren retail, hoareka, leisure & kultuer is fan grut belang foar de fitaliteit fan ús Fryske mienskip. Troch de grutte maatskiplike ûntjouwings feroaret de funksje fan sintrumgebieten en it belang fan de ûnderskate sektoaren dêryn yn rap tempo. De iensidige klam op de kommersjele funksje (ekonomyske wearde) feroaret. In oantreklike winkelstrjitte of it sintrum fan in stêd of doarp wurdt fan in grutter maatskiplik belang.
Nei oanlieding fan it Sympoasium ‘De takomst fan Fryske brûzjende binnenstêden & doarpskearnen’ dat yn jannewaris 2023 yn de Lawei plak fûn, hat der kontakt west tusken de TAF en in tal belutsen sintrum-en binnenstêdmanagers. Yn septimber 2023 hat der in gearkomste west, wêrby’t der mei belutsen stakeholders neitocht is oer hoe’t wy de ferbining fersterkje kinne tusken de gastfrijenssektor en de retail, wêrby’t der ferlet is fan in oantreklik sintrum/oantreklike binnenstêd of doarp.
Yn novimber 2023 organisearre Toerisme Alliantie Friesland, yn gearwurking mei Ynbusiness, sintrummanagers yn Fryslân, de provinsje Fryslân, en ûnder oaren Jan Michiel v.d. Gang, de gearkomste ‘Takomstbylden foar libbene, takomstbestindige en leefbere kearnen yn Fryslân’ yn Dokkum. Op dizze gearkomste stie de krúsjale rol fan de sektoaren retail, hoareka, leisure & kultuer sintraal. De dielnimmers besochten trije ynspirearjende lokaasjes, dy’t bydrage oan in libben Dokkum, folge troch in buffet en in petearrûnte. It doel wie om elkoar te ynspirearjen en tagelyk te ferkennen wêr’t yn de takomst ferlet fan is om de kearnen fan Fryslân duorsum en takomstbestindich te meitsjen.
Besjoch hjir it ferslach fan dizze byienkomste.
Op 4 july 2024 organisearre Toerisme Alliantie Friesland, yn gearwurking mei Ynbusiness, sintrummanagers yn Fryslân, de provinsje Fryslân, en ûnder oare Ivo Krikke en Alberto Kindermand, de twadde Ynspiraasjegearkomste ‘Takomstbylden foar libbene, takomstbestindige en leefbere kearnen yn Fryslân’ yn Grou. Dit wie wer in dei folop ynspiraasje en netwurkjen, wêrby’t der mei de petearrûnte neitocht waard oer wat nedich is om fitale kearnen foar Fryslân te krijen en behâlden.
Besjoch hjir it ferslach fan dizze byienkomste.
Op 3 oktober 2024 wurdt mei it Sympoasium Keapstreamûndersyk Fryslân 2024 in ferfolch jûn oan dizze ynspiraasjebyienkomste.