It RIF-programma Gastfrijheidsekonomy Fryslân is in publyk-private gearwurking fan Firda (pinfierder), 18 bedriuwen út de gastfrijheidssektor, Fryslân Wurket!, Keninklike Hoareka Nederlân en de Provinsje Fryslân rjochte op it ferbetterjen fan de oansluting fan it gastfrijheidsûnderwiis op de arbeidsmerk en de gastfrijheidsekonomy yn de provinsje Fryslân.
De gastfrijheidsekonomy is ien fan de wichtichste sektoaren foar de provinsje Fryslân, sawol foar de wurkgelegenheid as foar de leefberens yn de provinsje. De koroanakrisis hat de gastfrijheidsekonomy yn Fryslân stevich ûnder druk set. De koartetermynfokus fan in soad bedriuwen leit op it oerlibjen en it behâld fan de banen foar de sektor. Wy seagen yn de simmer fan 2021, nei’t de koroanamaatregels ferromme waarden, direkt wer groei en fraach yn de gastfrijheidsekonomy. Foar de langere termyn is de ferwachting dat de gastfrijheidssektor yn Fryslân groeie sil. De partners fan it RIF-programma Gastfrijheidsekonomy Fryslân wolle dêrfan profitearje, op in wize dy’t ek bydraacht oan de leefberens yn de provinsje. Om yn dy groei foarsjen te kinnen, binne genôch goed oplate wurknimmers nedich. Dat is in grutte útdaging yn in provinsje mei in krimpende befolking. De ynstream yn de sektor is op dit stuit te leech en de útstream is te heech. It koroanafirus hat dit nochris ekstra fersterke, omdat in soad wurknimmers út de sektor fuortgien binne en dêrtroch is de útdaging nóch folle grutter wurden. It is dêrom fan essinsjeel belang om no yn te setten op it fernijen fan de opliedingen en it oplieden fan de hoarekaprofessional fan de takomst. De partners fan ‘Gastfrijheidsekonomy Fryslân’ sille nau gearwurkje en bouwe oan it werstel fan de gastfrijheidsekonomy.
Ambysje
➢ In bydrage leverje oan de oplossing fan de útwreidings – en ferfangingsfraach yn de gastfrijheidsekonomy yn Fryslân troch yn te setten op fergrutting fan ynstream yn oplieding, útstream tsjin te gean en sydynstreamers oan te lûken.
➢ Bettere oansluting tusken de beropspraktyk en it gastfrijheidsûnderwiis troch bedriuwen mear te belûken by ûnderwiis, studinten hybride op te lieden en yn te setten op profesjonalisearring fan dosinten, praktykbegelieders en wurkjouwers.
➢ Profesjonalisearring fan alle belutsenen by it hybride en personalisearre learen sadat it imago en de kwaliteit fan de sektor ferbettere wurdt.
Om dit doel te berikken wurde der binnen de RIF Gastfrijheidsekonomy Fryslân aktiviteiten útfierd oangeande de ûndersteande oandachtsgebieten:
1. Ofnimmen van ynstream beheine en útstream tsjingean
- Trochûntwikkeljen fan in gastfrijheidsplatfoarm;
- Foarljochtingsaktiviteiten;
- Opsette kampanjes imagoferbettering.
2. Hybride en fleksibele leartrajekten opsette
- Opsette fan hybride learomjouwingen;
- Opsette fan tema’s, workshops en sertifisearringen;
- Opsette trochrinnende learline tmbû-mbû-hbû.
3. Professionalisearring
- Kennisútwikseling yn de gastfrijheidsmienskip;
- Professionalisjearjen dosinten, praktykbegelieders en meiwurkers;
- Undersykstrajekt.
It projekt duorret 4 jier en de omfang fan it projekt is € 3.786.920. Foar it projekt is in subsydzje fan € 1.262.307 takend út it Regionaal Investeringsfonds MBÛ wei.