Op 19 maart 2024 is it manifest ‘ Slimme groei foar in gastfrij Fryslân ’ oerlange oan ûnder oare deputearre Friso Douwstra. Tûke groei is net te folle en net te min. Yn it manifest is it model fan de ‘Doughnut-ekonomy’ kombinearre oan de trije fjilden fan Brede Wolfeart: ekonomy, ekology en wolwêzen en projektearje dat op Natuerlik Fryslân 2050, dêr ‘t wetter en boaiem yn stjoerend binne.
It resultaat is gear te fetsjen yn de Fryske koade. Fjouwer ienfâldige fragen dy ‘t elkenien him stelle moatte soe by de ûntwikkeling fan rekreaasje en toerisme yn Fryslân;
- Wat en wa wurdt der better of minder fan? Wa fertsjinnet deroan, wat smyt it op foar de omjouwing, foar it behâld fan foarsjennings. Bliuwt it jild yn de regio?
- Wat wurdt der moaier fan? Wurdt it doarp moaier, knapt it lânskip of it âlde winkelpân derfan op? Hoe sjocht it derút as je dêr farre, fytse of kuierje?
- Wat fynt de skries derfan? Kin ús nasjonale fûgel feilich briede en jongen grut bringe yn Fryslân? Wurdt syn leefgebiet grutter en robúster? Koartsein, hoe stiet it mei de natuer?
- Past it by Fryslân, no en yn de takomst? Fersterket it de kultuer, de identiteit en liedt it ta passende ynnovaasje? Wat fynt dyn pakesizzer derfan, hat dy der ek wille fan?
It manifest is opsteld troch in ûnôfhinklike tinktank besteande út Martin Boisen, Elke Dens, Geesje Duursma, Gertjan Elzinga, Stefan Hartman, Elizabeth Pilat, Peter de Ruyter, Kees Terwisscha van Scheltinga en Ingrid van de Vegte. Mei tank oan Els Zijlstra en Mariska van Reijn.