Koartlyn hat de TAF in nij projekt lansearre om in frisse blik te werpen op aktuele saken yn de gastfrijenssektor. De Takomst TAF rjochtet him spesifyk op jongerein ûnder de 35 jier.
De Takomst TAF is bedoeld om jonge minsken út de sektor yn de triple helix út te nûgjen om diel te nimmen oan diskusjes oer wichtige fraachstikken yn de gastfrijenssektor. Troch de leden de kâns te jaan har stim hearre te litten, hopet de TAF nije ynsjoggen te krijen en ynnovative ideeën te ûntwikkeljen om de sektor te ferbetterjen.
De Takomst TAF sil bestean út in groep fan likernôch 25 leden út ferskate dissiplines (ûnderwiis, oerheid en ûndernimmers), dy’t har dwaande hâlde mei de gastfrijenssektor. Dizze groep sil geregeld by elkoar komme om te diskusjearjen oer ferskate ûnderwerpen en om te brainstoarmjen oer nije ideeën. De resultaten fan dy diskusjes sille brûkt wurde om te sjen oft de TAF projekten starte of fasilitearje kin wat dizze fraachstikken oanbelanget.
It doel fan de Takomst TAF is om jongerein te belûken by wichtige besluten yn de gastfrijenssektor en om har perspektiven en ideeën te yntegrearjen yn de takomstige plannen fan de TAF.
Wy hoopje in nije generaasje te belûken by de ûntwikkeling fan de Fryske gastfrijenssektor.
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei Myrthe van Eik (myrthevaneik@taf.frl, 06 40 01 30 01)