De gastfrijheidssektor ûntwikkelet him ta ien fan de wichtichste sektoaren yn de provinsje Fryslân. Dêrfoar binne genôch én goed oplate wurknimmers nedich. Om dêrfoar te soargjen hawwe alle belutsen partners op 20 maaie 2021 it startsinjaal jûn foar de útfiering fan it Aksjeplan Takomstbestindige Banen 2021 -2024.
It Aksjeplan jout útfiering oan de opjefte Toekomstbestindige Banen. Dat is ien fan de sân opjeften fan de provinsjale beliedsnota Gastfrij Fryslân 2028.
Understypjend oan de útgongspunten fan de aksje wurdt der wurke oan it imago fan de sektor: aktiviteiten oangeande imago, byldfoarming en foarljochting oer de Fryske gastfrijheidssektor.
Mear ynformaasje kinne jo werom fine fia de ûndersteande ûnderwerpen.