Toerisme Challenge 2023

Op woansdei 14 febrewaris 2024 waard de Toerisme Challenge 2023 ôfsletten mei in feestlik einevent yn de Kânselarij. Mei dit evenemint stiene de fiif dielnimmers sintraal dy’t yn 2023 mei entûsjasme har inisjatyf ûntwikkele hawwe, mei help fan de Toerisme Challenge. De inisjatyfnimmers fan Gastfrijens oan de Lauwers, Terherne Xtra op ‘e Kaart, Griene Stjer, Moddergat oan it Waad en Rembrandt & Saskia presintearren har suksesfolle resultaten. Se leine de klam op de weardefolle rol fan it projektburo fan de Toerisme Challenge, ûnder lieding fan Marco Verbeek en Jan Zijlstra fan de Landmakers Coöperatie U.A., mei stipe fan de Toerisme Alliantie Friesland en ûnder ferantwurdlikens fan it Innovatiepact Fryslân.

It doel fan de Toerisme Challenge wie om fiif of mear kommersjeel libbensfetbere gastfrije inisjativen te fasilitearjen, mei in fokus op maatskiplike ympakt op de brede wolfeart. Uteinlik binne fiif inisjativen selektearre út 18 belangstellende inisjativen, yn twa seleksjemominten troch de Ried fan Advys, besteande út Ingrid van de Vegte (saakkundige op it mêd fan brede wolfeart), Jan de Jong (finansjeel spesjalist), Lucas Petit (hoareka/konsept-ekspert) en Tom van Mourik (iepenbier bestjoer). Tom van Mourik wie foarsitter fan de Ried fan Advys.

De selektearre inisjativen drage by oan balansearre groei, sprieding fan toerisme en it behâld fan it foarsjenningsnivo yn de oanbelangjende doarpen, yn line mei de doelstellings fan it belied Gastfrij Fryslân 2028 foar Tûke Groei. Foar de provinsje Fryslân reden om de Toerisme Challenge finansjeel mooglik te meitsjen en foar belutsen deputearre Friso Douwstra oanlieding om de inisjatyfnimmers en alle belutsenen by Toerisme Challenge 2023 mei loovjende wurden te betankjen en de inisjatyfnimmers in soad sukses ta te winskjen foar de takomst.

Der is in ‘Resultaat & Refleksje’ dokumint opsteld op grûn fan in jier Toerisme Challenge 2023. Dêryn beskriuwe de projektmanagers it proses, de seleksje fan inisjativen en wichtige lessen. De Ried fan Advys kompletearret it dokumint mei in rake refleksje. Dit dokumint is hjir te finen.

Foar wa’t it einevent yn de Kânselarij mist hat, binne der opnamen makke en ynterviews ôfnommen. Dy binne ferwurke yn in aftermovie dy’t hjirûnder te sjen is.