Yn 2019 is Toerisme Collectief Friesland op inisjatyf fan Toerisme Alliantie Friesland oprjochte mei as doel it ferbinen fan ûnderwiis en bedriuwslibben yn de brede gastfrijheidssektor. En mei sukses! Yn de ôfrûne fiif jier hat TCF it Fryske MKB oan tûzenen Mbo- en Hbo-studinten linkt en binne der hûnderten opdrachten mienskiplik ynfold.
It gearwurkjen tusken bedriuwslibben en ûnderwiis is yntusken goed ûnderbrocht by de ûnderwiisynstellings en de ferskate opliedingen steane yn de startblokken om sels dizze ferbinings te meitsjen. Dêrom is der besletten om TCF op 1 maart 2024 op te heffen.
Foar alle nije projektoanfragen kinne Fryske ûndernimmers streekrjocht kontakt opnimme mei de ferskate opliedings.