It doel fan dizze opjefte is om Provinsje Fryslân te foarsjen fan data en ynsichten om it provinsjaal belied te hifkjen op it mêd fan toerisme en gastfrijheid. Dêrneist wurde Fryske gemeenten fasilitearre yn it brûken fan data en yn it opbouwen fan ynsichten ta stipe fan it gemeentlik belied. Ta eintsjebeslút wurde data beskikber makke foar ûndernimmers en oare belanghawwenden, lykas natuerorganisaasjes en kulturele ynstellings. Dêrta wurdt in tal fan ynstruminten ynset lykas tasjoch hâlde (Besikers, Bedriuwen, Bewenners, Bestimming en Belied) en in netwurk foar it oerdragen en dielen fan kennis yn it belang fan it toerisme.

It berik fan de opjefte is ferbrede mei de relaasje tusken Toerisme en Brede Wolfeart. Yn maaie 2022 is de wurkgroep úteinset om in effektyf ûndersyksprogramma te ûntwikkeljen wêrtroch’t der mear ynsjoch ûntstiet yn de tafoege wearde fan de Gastfrijheidssector oan de Brede Wolfeart fan Fryslân. Dy kennis liedt ta bettere besluten fan de belutsen belanghawwenden, rjochte op it ferheegjen fan de Brede Wolfeart.

It programma bestiet út in tal ûnderdielen, wêrûnder:

  1. ‘Live gang’ basismonitor Gastfrij Fryslân yn 2022

De basismonitor bestiet út it tafersjoch fan Besikers, Bedriuwen, Bewenners, Belied en Bestimming. De basismonitor is basearre op de data dy’t al oanwêzich binne, lykas data dy’t beskikber binne fia it SBS. Besjoch hjir it parseberjocht fan de live gong

  1. Definitive Monitor Gastfrij Fryslân in 2023

De basismonitor Gastfrij Fryslân wurdt yn 2023 yn ôfstimming mei oerheden, ûndernimmers, ûnderwiis en oare belanghawwenden trochûntwikkele ta in definitive Monitor Gastfrij Fryslân. Ut de ôfstimming komt nei foaren hokker ekstra ynformaasje tafoege wurdt binnen de monitors en binnen it helbere budzjet. Foar de trochûntwikkeling sil in ekstra ûndersyk en data-oankeap plakhawwe. Dy sammele data wurde opnommen yn de definitive monitor dy’t alle jierren aktualisearre wurdt.

  1. In partnernetwurk op it mêd fan toeristyske data yn Fryslân

Dat netwurk bestiet út belanghawwenden út de oerheid wei, ûndernimmers, ûnderwiis en oare ketenpartners. Yn gearspraak mei harren wurdt bepaald hokker ferlet oan ynformaasje der leit en op hokker relevante data wy ús fokusje. Yn it kennisnetwurk wurde kennissesjes en gearkomsten organisearre.

        4. In kennisnetwurk op it mêd fan toeristyske data yn Fryslân

Om te soargjen dat belanghawwenden wurkje sille mei data, sels data oanleverje en generearje of bydrage sille oan kennisûntwikkeling, wurdt in kennisnetwurk, dêr’t kennis dield, oerdroegen, besprutsen, útlein en yntegrearre wurdt. Underdiel fan de kennisoerdracht is ek it learen om te gean mei data en monitors.

         5. Kontinu Besikersûndersyk

Yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân wurde toeristyske organisaasjes holpen om op in ienfâldige wize ynformaasje te sammeljen oer harren gasten. It ûndersyk ûnder de gasten duorret in pear minuten en is anonym. It projekt wurdt finansearre troch Provinsje Fryslân en de sammele gegevens binne beskikber foar alle lokaasjes en sille (anonym) brûkt wurde om provinsjebrede ynsichten te sammeljen. Sjoch ûnder dokuminten foar mear ynformaasje.

Mear ynformaasje kinne jo fine fia de ûndersteande ûnderwerpen.

 

Icoon Kennis voor de Toekomst