Gastfrijens- en benammen de belibbing dêrfan – is in wichtige pylder foar de fersterking fan de Fryske toeristyske sektor.
Gastfrijens is wichtich
Gastfrijens is in breed begryp. Elkenien wit wat it is, fielt wat it is, mar hat der tagelyk oare bylden by en omskriuwt it op in oare wize. Yn de brânsj binne hja it der oer iens dat jo gastfrijens wearde tafoeget. Net allinnich yn euro’s, mar ek yn klant- en meiwurkerstefredenens én loyaliteit. Net om ‘e nocht is de titel fan it provinsjaal beliedsstik Gastfrij Fryslân 2028.
Mar… hoe soargest derfoar datst as ûndernimmer en meiwurker gastfrijens werkenst, wurdearrest, dy eigen makkest en útstrielest, sadat klanten it optimaal ûnderfine kinne? Is dêr ark foar?
Hânfetten en ynformaasje
Hoareka-ûndernimmer, gastfrijensadviseur en RUG-promovendus Geesje Duursma en Erwin Losekoot fan AIHR Academy / NHLStenden Hegeskoalle beäntwurdzje dizze fragen mei ja. Se ûntwikkelen in ‘Gastfrijenswizer’ foar museummeiwurkers en -frijwilligers. Dizze toolkit bestiet út handige tips en tricks dêr’t meiwurkers mei oan de slach kinne mei gastfrijens.
De webside www.gastvrijfriesland.frl biedt mear tips, hânfetten en ynformaasje om dy te ferdjipjen yn it begryp gastfrijens. De funksje dêrfan én benammen wat it tafoeget oan de bedriuwsfiering, de wurdearring fan it fak en dyn wurkwille.
Mear ynfo: