De TAF wol graach de ûntwikkeling en de takomstbestindigens fan de gastfrijenssektor oanjeie. Yn 2019 is der grutskalich ûndersyk dien nei Fitale Loazjeminte-akkommodaasjes, as ûnderdiel fan de ûntwikkelopjeften út it útfieringsprogram fan Gastfrij Fryslân 2028.

De befinings en it aksjeplan dat dêr út fuortkommen is, binne fan grutte wearde foar de Fryske loazjemintenakkommodaasjesektor. As ferfolchstap wol de TAF dêrom no de fokus lizze op de restaurantsektor, as wichtich ûnderdiel fan de gastfrijenssektor.

It ûndersyk bestiet út trije fazen A, B en C:

Faze A. De begjinfaze kreëarret in ynventarisaasje fan de aktuele trends en ûntwikkelings yn it restaurantoanbod en it konsumintegedrach. Ek de strukturele gefolgen fan de koroanapandemy op it konsumintegedrach wurde dêryn analysearre. Dêrneist wurde Fryske dielgebieten fergelike mei soartgelikense gebieten yn Nederlân as it giet om ferskillen yn fraach en oanbod. Fierder folget hjirút ek in ynsjoch yn takomstige ûntwikkelperspektiven, lykas útwreidingsromte en wurkgelegenheid.

Dit ûndersyk is yn 2021 útfierd, hjir de link nei it ûndersyk: Fitale hoareka Fryslân restaurantmerk

Faze B. De ambysje is it kreëarjen fan yndividuele merkscans foar restaurants yn Fryslân. Oan ‘e hân fan de merkscanresultaten sille de restaurants fergelike wurde yn posisjonearringsmatriksen. Op grûn fan de merkposysjes sille der oanrikkemandaasjes dien wurde om de posysjes te ferbetterjen.

Op 14 maaie 2024 organisearre KHN yn gearwurking mei Provinsje Fryslân, KHN, YnBusiness en Toerisme Alliantie Friesland in byienkomste dy’t yn it teken stie fan Fitale Hoareka. Dêr waard it rapport presintearre. It ûndersyk rjochte him op in kwalitative beoardieling fan 662 restaurants yn Fryslân. Dêrby foel op dat der yn fergeliking mei Nederlân in soad restaurants yn Fryslân binne. Yn toeristyske gebieten, lykas bygelyks op de Waadeilannen, binne yn ferhâlding ta it tal ynwenners mear restaurants en is it oanbod grutter.

Lês Hjir it hiele ûndersyksrapport.

Klik Hjir om jo eigen rapport op te freegjen.

Faze C. Nei oanlieding fan de útkomsten fan faze B is de ambysje om ferfolchûndersyk te dwaan nei de troch faze B útljochte oandachtspunten. Underwerpen hjiryn soene bygelyks duorsumens, ûndernimmerskip of digitalisearring wêze. De TAF stribbet dernei om studinten te belûken by dizze ferfolchfaze.

Foar mear ynformaasje oer Fitale Hoareka kin der kontakt opnaam wurde mei Marjan Soepboer (marjansoepboer@taf.frl).

Factsheet Vitale Horeca

Vitale horeca Friesland restaurantmarkt