Mei Gastfrij Fryslân 2028 set de provinsje yn op kwaliteitstoerisme; besikers fan natuer en kultuer. Gasten dy ‘t rêst en romte op priis stelle, harren eigen reis gearstalle, mear besteegje, langer bliuwe en faker weromkomme. Ek gasten dy ‘t kritysker binne en hege(re) easken stelle oan gastfrijheid en ûnderkommen.
It projekt Vitale Logies is op 1 augustus 2024 ophâlden. De ôfrûne jierren hawwe beliedsmeiwurkers fan gemeente en provinsje mei ûndernimmer en eksperts wurke oan de fitaliteit fan de lozjysektor. Besjoch hjirûnder it magazine fan Vitale Logies.