Fryslân is in provinsje dy ‘t foar bewenners en besikers ûnskiedber ferbûn is mei wetter en wetterrekreaasje. We ha prachtich en uterst ferskaat wetter. Fan it Waadgebiet oant it Fryske marregebiet, fan de sângrûnen mei beekdellingen en de Turfrûte oant it klaaigebiet mei de opfearten en fan de Iselmar oant de Lauwersmar.

De betsjutting fan wetterrekreaasje is foar ús provinsje fan grut belang foar de belibbing, it wolwêzen en de libbenens. De kommende jierren en desennia sil wetterrekreaasje ek te meitsjen krije mei de grutte romtlike opjeften en transysjes dy ‘t foar ús lizze lykas klimaat adaptaasje, enerzjytransysje, de wetteropjefte, stikstof, wenningbou ensfh. Om it belang fan wetterrekreaasje en de bydrage dy ‘t it leveret oan de brede wolfeart yn Fryslân ek foar de lange termyn feilich te stellen is yn 2023 de ‘Gebrûksfyzje Wetterrekreaasje 2050’ opsteld.
Under lieding fan Bureau Witteveen+Bos wurkje wy gear mei gemeenten, it Wetterskip en in soad belanghawwenden oan dy romtlike fyzje dêr ‘t in trochkyk mei jûn wurdt en boustiennen opsteld wurde dy ‘t meijûn wurde kinne en meiwoegen by yntegrale gebietsûntwikkeling.

Op koarte termyn wurkje wy oan it ferbetterjen fan de wetterrekreaasje yn Fryslân. Yn neifolging fan de suksesfolle fyts – en kuierknyppunten wurkje wy ûnder mear hurd oan om yn Fryslân it earste provinsjedekkende farknooppuntenetwurk te ûntwikkeljen en lansearjen. Dêrmei kinne brûkers maklik navigearje en oanbieders kinne de farknooppunten just wer goed brûke by produktûntwikkeling.

Tegearre mei de Stifting foar Elektrysk en Fossylfrij Farren yn Fryslân (SEFFF) sille wy nei hoe ’t wy de Fryske wettersporter helpe kinne te ferduorsumjen.

Mei Merk Fryslân wurkje wy oan it fergrutsjen fan de sichtberens fan Fryslân as wetterrekreative bestimming. Yn 2023 hoopje wy as Fryslân wer prominint oanwêzich te wêzen om û.o. Boot Düsseldorf en de Fyts – & Wandelbeurs.

Om mear kennis en ynsjoch te krijen yn it (wetter)rekreative gebrûk yn Fryslân hawwe wy yn gearwurking mei it NBTC, Waterrecreatie Nederland en it ETFI kwalitative en kwantitative ûndersiken útfierd oer it jier 2021. Dizze ûndersiken lêze jo hjirûnder.

Maatwurkrapportaazje wettersportûndersyk tbv Provinsje Fryslân

Stúdzje nei it brûken fan de Fryske wetters 2021

Gebrûksfyzje Wetterrekreaasje Fryslân 2050

De gebrûksfyzje Waterrecreatie is foar plannemakkers op en om it wetter yn Fryslân hinne. De gebrûksfyzje bestiet út in Fiskjediel en in Atlasdiel. Yn beide dielen stiet spesifike ynformaasje oer dielgebieten fan Fryslân.

Gebrûksfyzje Wetterrekreaasje Fryslân 2050 atlas
Gearfetting gebrûksfyzje wetterrekreaasje Fryslân
Gebrûksfyzje Wetterrekreaasje Fryslân 2050

 

Icoon Vitale Waterrecreatie