It Waadfûns hat grien ljocht jûn foar it programma ‘Waadgastronomy fersterket Wrâlderfgoedbelibbing’. In gearwurking tusken NHL Stenden, Visit Wadden, Stichting Waddengroep en in netwurk fan sa’n 300 griene ûndernimmers om de kommende fiif jier de Waadgastronomy op de kaart te setten. Dêrmei wolle se in kulinêre waadtradysje kreëarje en it grienbewuste en kulinêr toerisme nei Wrâlderfgoed Waadsee, eilannen en kuststrook yn Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân oanwakkerje.
Reseptuer en Waadskiif fan Fiif
Ien fan de aktiviteiten yn it programma is it kreëarjen fan in reseptuerbank. Resepten makke troch topkoks en kulinêre eksperts en frij te brûken troch koks, konsuminten en kulinêre gasten. Yngrediïnten foar dizze reseptuer komme fan lokale fiskers op de Waadsee en Noardsee en boeren fan de seeklaai oan de Waadkust en de sângrûnen fan de Waadeilannen. Foarbylden binne fisk, skaal – en skulpdieren, lamsfleis, skieppetsiis, sâlte grienten, dúndoarn en cranberry. Dêrneist sille se ek kennis ferspriede oer sûn iten dat past by de kearnwearden fan Waadsee Wrâlderfguod. Sa kreëarje se in ‘Waadskiif fan Fiif’. Tolve produktgroepen ôfkomstich út it hiele waadgebiet. De Waadskiif is basearre op fisk, fleis, suvel, granen, fruit – en pûlfruchten, en ierappels, en makket ôfwikseljend yn it jier ekologysk en seizoensbûn gebrûk fan Waaditen mooglik.
Fyftich Waadrûten en online merkplakken
Fierders sil it gearwurkingsferbân in fyftichtal Waadrûtes ûntwikkelje as ûntdekkingstocht nei lokale itensprodusinten, kulinêre hichtepunten yn de pleatslike hoareka en oare trekpleisters. De rûtes sette se út yn kustgebiet en eilannen fan Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân en sa soargje hja foar ferbinings tusken lokale ûndernimmers. Ek farrûtes foar de brune float nimme se deryn op. Toeristen, mar ek bewenners fan it gebiet kinne sa yn de kunde komme mei de streek en har kulinêre pearels. Ek it opsetten fan online merkplakken is ûnderdiel fan it programma. Regionale webwinkels dêr’t Waadprodusinten yn gearwurkje om ferkeap fan streekprodukten tagonkliker te meitsjen.
Ynter- en nasjonale bekendheid & Moanne fan it Waadmenu
Visit Wadden sil de aktiviteiten foar it fuotljocht bringe. Dêroan heakje se ek de ‘Moanne fan it Waadmenu’ oan ta. In nije ‘reason to travel’ nei it ‘Nederlânske Waadwrâlderfgoed’ as ûnderdiel fan de ferhaalline ‘Smaak fan it Waad’ fan Visit Wadden. It moat Waadgastronomy yn de merk posisjonearje as trekker fan kulinêr toerisme.
Fersterking netwurk fan griene ûndernimmers & koarte skeakels
It programma stimulearret aktyf de gearwurking tusken hûnderten boeren, fiskers, túnkers, hoareka, winkels en toeristyske ûndernimmers yn de Waadregio. Bedriuwen dy’t op in bewuste wize mei de omjouwing omspringe en koarte regionale skeakels neistribje. “It netwurk draacht sa in stientsje by oan in sûne takomst en soarget derfoar dat nei dy fiif jier de Waadgastronomy bliuwend droegen wurdt troch lokale ûndernimmers, bewenners en toeristen”, neffens Annette van Ruitenburg út namme fan it gearwurkingsferbân Waadgastronomy
Finansiers
It Waadfûns makket it program ‘Waadgastronomy fersterket Wrâlderfgoedbelibbing’ mooglik mei in finansjele bydrage. De provinsjes Noard-Hollân, Fryslân en Grins kofinansiere it projekt.
It program fine jo hjirûnder.
Program Waadgastronomy fersterket Wrâlderfgoedbelibbing
Waadfestival
Tongersdei 4 novimber organisearre Visit Waden de earste edysje fan it Waadfestival. Yn De Harmonie yn Ljouwert azeme alles de sfear fan it Waadgebiet. It wie mooglik om it Waad te ûntdekken troch smaak, workshops en lêzings. Lês hjir mear oer it Waadfestival.
Foodrûtes
Yn it Fryske Waadgebiet hawwe studinten fan NHL Stenden ûndersocht hoe’t besteande (food)rûtes funksjonearje en hoe’t rûtes better kinne. Konklúzje is dat it slagjen ôfhinget fan de aktive belutsenens fan de streekûndernimmers ûnderweis. Lês hjir mear.
Enkête wearde Waaditensprodukten
It program Waaditen docht ûndersyk nei de bekendheid en wearde fan streekprodukten yn it Waadgebiet. Der komme enkêtes foar sawol bewenners en besikers, as foar ûndernimmers út it gebiet. Yn it Waadgebiet is in grut ferskaat oan streekprodukten te krijen. Al dizze streekprodukten fertelle wat oer it plak fan komôf: de boaiem, de waarseleminten, histoarje, smaak en it brûken dêrfan yn âlde en nije resepten. Dy kombinaasje fan faktoaren en skaaimerken jouwe it produkt (mear)wearde. Lês hjir mear oer dit ûndersyk en folje de enkête yn!